Wethouder Boerema zegt toe schriftelijk terug te komen op de volgende vragen van de heer Veenstra (FNP):
1. Hoe lang binne dizze problemen by it kolleezje fan Achtkarspelen bekend?
2. Wat is der oan dizze probleemstelling dien?
3. Hoe faak hat der oerlis west mei dizze oan- en omwenners fan de neamde strjitten?
4. Yn hoefolle doarpen yn de gemeente binne 30 km-sônes en binne de wegen dêrfoar ynrjochte?
5. Is der neffens it kolleezje ek op de neamde strjitten op it Fean ek mei faasje ferlet om snelheidsbeheinende maatregels te treffen?
6. Der binne op de Dimpte Feart in tal putdeksels omheech helle, wêrom binne der yn it ferlingde fan dizze wei gjin putdeksels omheech helle? Of wiene der te min klachten by de gemeente binnenkaam oer dizze saneamde putdeksels?
7. Hoe tinkt it kolleezje om tot passende maatregels te kommen? En de ferkearsfeilichheid te ferbetterjen?